Sealkeatsen 2013
Omdat de minder opjefte wie as foargeande jierren wie besletten komplete partijen te keatsen, wylst oare jierren op tiid keatst waard. We spylen dit jier wer mei in gewoane keatsbal en om iederien in soad dwaan te litten, waard yn twatallen keatst. De earste omloop is by trije kear lotsjen altyd in belangryke pot foar de motivaaasje. At je dy winne, halde je noch folop mooglikheden op in priis. Ferlieze mei te min earsten foar betekend in hiel lestich wedstrydferrin. De twadde omloop bringt de kanshawwers nei foarren. Twa kear winne slagget meastal meardere en juster wienen dat Rutger Fopma, Anneke Smink, Johannes Kastelijn en Maaike Kuipers. De tredde omloop soe dus beslissend weze. Rutger Fopma moast mei de beste papieren tegearre mei Gwenda Hemstra it opnimme tsjin Astrid Schots en Dieuwke de Vries, Rutger ferlear disse partij en krige it warskynlik dreech om de haadpriis te winnen. Maaike Kuipers en Anneke Smink moasten it tsjin elkoar opnimme. Maaike Kuipers wun disse partij en hie sadwaande as earste de 21 earsten foar binnen. Johannes Kastelijn moast mei Jan Reitsma keatse tsjin Feite Klijnstra en Hendrik Terpstra. De earste twa wunen disse partij wermei Maaike Kuipers en Johannes Kastelijn beide op 21 earsten kamen. Dan giet it om de tsjinearsten. Johannes hie in totaal mar 10 tsjin, mar Maaike die it noch better mei 8 tsjin. Sy waard dermei winner fan de dei! Al mei al in tige slagge dei. Wy hoopje allinich dat by de kommende ledepartijen de opjefte massal binnenstrome sil!! Útslach: 1. Maaike Kuipers 2. Johannes Kastelijn 3. Anneke Smink 4. Rutger Fopma 5. Astrid Schots 6. Hendrik Terpstra
Geplaatst op 11 February 2013